Motorjachten duorsum ombouwe

27 nov 2008 - 12:16

It kennissintrum jachtbou fan de NHL, de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden, sil tsien motorjachten út de ferhierbrânzje duorsum ombouwe. Ynstee fan diseloandriuwing wurde de boaten omboud nei elektro/hybride oandriuwing. De echte ombou wurdt dien troch spesjalisearre bedriuwen.

It kennissintrum sil it elektrysk farren fierder promoate en de ferhier-bedriuwen bystean mei advys. It bringt ek de fasiliteiten yn kaart op it mêd fan stroom- en oplaadpunten op de wâl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)