Motorjacht Odyssey wer klear

17 nov 2010 - 11:18
  • De Odessey

It motorjacht Odyssey hat nei in opknapbeurt fan tsien moanne de werf fan De Vries Scheepsbouw yn Makkum ferlitten. It jacht is yn dy tiid ûnder oare trije meter langer makke.

Ek is der in útklapber swimplatfoarm ynstallearre en is it ynterieur opknapt. It skip waard yn 1989 boud by it memmebedriuw fan De Vries yn Aalsmeer. Koartlyn krige it in nije eigner dy't it ferbouwe liet yn Makkum. De skipswerf is no dwaande mei de bou fan in jacht fan 88 meter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)