Motorcrosser omkaam by ûngelok

19 aug 2007 - 13:23

In 48-jierrige motorcrosser út Lemmer is sneon om it libben kaam by in ûngelok by Vledderveen. De man botste op in sândyk, de Lange Mandenweg, frontaal op in motorcrosser dy't him yn de mjitte kaam. De man stoar op it plak sels.

De 30-jierrige tsjinlizzer is licht ferwûne rekke by de botsing. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)