Motorboate-evenemint yn Harns

30 jul 2002 - 00:00

Goed twahûndert motorboaten dogge takom jier yn Harns mei oan in grut evenemint fan de Koninklijke Nederlandse Motorboot Club, de KNMC. Ein juny wurde der fjouwer dagen lang wedstriden hâlden mei de boaten.

De dielnimmers komme net allinnich út Nederlân, mar ek út lannen as Frankryk, België en Dútslân. It evenemint wurdt dit jier hâlden yn it Belgyske Thieu.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)