Motorboat fêst op Tsjûkemar

26 mrt 2013 - 17:01
  • Motorboat fêst

Meiwurkers fan provinsjale wettersteat besykje mei in boat in motorboat los te krijen út it iis op de Tsjûkemar. De boat leit fêst op 'e hichte fan Sint Nyk.

Der binne meardere minsken oan board, neffens de plysje meitsje dy it goed. Yn earste ynstânsje wie it doel in boat fan de brânwacht yn te setten, mar dy komt net troch it iis op de mar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)