Motor ûnderút troch oalje

30 apr 2007 - 12:36

By De Lemmer is sneontemiddei in motorrider ûnderút gien, omdat der oalje op 'e dyk lei. De motor rekke dêrby flink fernield, mar de motorrider sels mankearre gelokkich neat.

Ut ûndersyk die bliken dat de oalje út in lekke remlieding fan in trekker kaam. De bestjoerder hie net yn 'e gaten dat syn trekker oalje lekte by it remjen. De gemeente hat de dyk wer skjinmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)