Motor troch iis Sleattemermar

10 jan 2010 - 10:38
  • Koereur en motor waarden mei man en macht út it iis helle (foto's: Wabe de Jong)

In motorrider fan Rûgehuzen is sneontemiddei troch it iis fan 'e Sleattemarmar sakke. De koereur wie dwaande om mei motorfreonen út Koudum, Sondel, Tsjerkgaast en Snits rûntsjes oer in part fan 'e mar te riden.

It like goed te gean, mar oan 'e ein fan de middei sakke de man út Rûgehuzen dochs noch troch it iis. Hy waard troch syn maten fuortendaliks wer út it iis helle en rekke net ferwûne. Ek de motor waard mei man en macht wer boppe it iis helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)