Motor strûpt ûnder trekker

23 aug 2012 - 19:12
  • Motor strûpt ûnder trekker

Op de Gaestmabuorren tusken Suwâld en Burgum hat tongersdei oan de ein fan de middei in ûngelok plakfûn tusken in motor en in trekker mei heawein. De motorrider helle yn op it momint dat de trekker ôfslaan woe nei in boerehiem. De motorrider en syn passazjier kamen ûnder de tsjillen fan de heawein telâne. De passazjier rekke ferwûne. De motorrider kaam mei de skrik frij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)