Motor mei Burgernet weromfûn

13 sep 2009 - 16:03

Mei help fan Burgernet is sneon in stellen motor weromfûn. In Ljouwerter fan 32 jier wie eefkes nei de winkel en seach by thúskomst dat de doar fan syn sket iepenstie en dat syn Honda Silverwing fuort wie. De plysje starte dêrop in Burgernetaksje.

Acht fan de 3850 dielnimmers joegen oan de meldkeamer troch dat se de motor riden seagen en de njoggende seach dat er by de Drachtsterbrêge parkeard stie. Dêr fûn de plysje de motor werom. De dief is noch net pakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)