Motor giet ûnderút yn stoarm en botst op auto

26 jul 2015 - 12:13

In 35-jierrige motorrider út Amsterdam is sneontejûn by Surch ferwûne rekke. Nei alle gedachten koe de man troch de hurde wyn syn motor net oerein hâlde. Hy glied dêrtroch tsjin in him yn 'e mjitte kommende auto.

De motorrider is oerbrocht nei it sikehûs yn Snits. Hoe slim oft er deroan ta is is net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)