Motor botst op fytsend famke

31 okt 2012 - 10:59
  • De Onderdendamsterdyk yn Winsum

In 42-jierrige motorrider út Mitselwier is tiisdei ferwûne rekke by in ûngelok yn Winsum yn Grinslân. De man ried oer de Onderdendamsterdyk doe't in 13-jierrige famke op 'e fyts út Bedum samar ynienen de dyk oerstuts. De motorrider koe der net mear omhinne. De motorrider en it famke kamen tsjin in parkearde auto ta stilstân.

It famke kaam mei de skrik frij. De motorrider is mei ferwûnings oan de heupe nei it sikehûs ta brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)