Motor botst op ferkearsboerd

22 apr 2013 - 10:33
  • Plysjemotor

In 46-jierrige motorrider út Wergea is sneitemiddei ferwûne rekke yn Boarnwert. De man ried dêr oer de Raarderwei. By in krusing hat er nei alle gedachten de bocht ferkeard ynskat, wêrtroch't er op in flechtheuvel tsjin in ferkearsboerd opbotste.

De man gie ûnderút mei de motor. Hy hie lichte ferwûnings en moast mei de ambulânse nei it sikehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)