Mosterpriis foar Weening

10 jul 2007 - 10:21

Hurdfytser Pieter Weening hat nei de twadde etappe fan de Tour de France in bysûndere priis krige. De Harkemaster krige in tegoedbon foar 50 kilo moster, omdat er as lêste yn it peloton in bepaald punt passearre. Dat kaam omdat Weening efkes pisje moast.

In wurdfierder fan de Rabobankploech, dêr't Weening foar útkomt, hat de priis yn ûntfangst naam. In fyftichtal Belgen dy't net sa nuchter mear wiene, joegen de tegoedbon oan de wurdfierder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)