Mosselwad siket ûndersikers

23 apr 2013 - 10:45
  • In mokselbank op de Waadsee

It projekt Mosselwad set de help fan ynteressearren yn foar in ûndersyk nei it Waadgebiet. Minsken kinne thús achter de kompjûter kamerabylden besjen en telle hoefolle mokseliters foarbykomme. It giet dêrby om ferskate soarten fûgels, sa as de eiderein, de sulverkob en de strânljip.

Troch mei te dwaan drage minsken by oan it herstel fan 'e mokselbanken. Eltsenien kin him oanmelde. Neffens Norbert Dankert, ûndersykslieder fan it projekt, hoege je net hiel saakkundich te wêzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)