Mosquito moat oerlêst by Ljouwerter skoalle keare

16 sep 2015 - 14:58
  • Algraskoalle

By de Dr. Algraskoalle oan de Idzerdastins yn Ljouwert ha se skjin har nocht fan de oerlêst en fernielings dy't jongerein dêr nachts oanrjochtsje. Dêrom komt der meikoarten in Mosquito te hingjen. Dat apparaat jout in piipjend lûd dat inkeld minsken ûnder de 30 jier hearre. Der komt ek in skynwerper oan de muorre. Sa moat in ein komme oan de oerlêst.

Buorlju fan de skoalle kinne no soms net sliepe fan it leven en skoalbern ha lêst fan stikken glêswurk op it skoalplein. De skoalkonsjerzje moat meardere kearen yn de wike de rommel oprêde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)