Mosk op 'e nij meast telde fûgel yn Fryslân

19 jan 2015 - 06:25
  • Mosk

De mosk is lykas ferline jier de meast telde fûgelsoart yn Fryslân by de Nasjonale Fûgeltelling. De fûgelsoart stiet al in oantal jierren op nûmer ien om't it fûgeltsje yn grutte groepen libbet. Yn Fryslân mei it dan goed gean mei de mosk, yn de grutte stêden is dúdlik te sjen dat dizze fûgelsoarte it dreech hat. Op nûmer twa yn de top 3 fan meast telde fûgels yn Fryslân stiet de blokmies, folge troch de klyster.

Troch it sêfte winterwaar waarden der dit jier boppedat in soad tsjiftsjafs, readboarstkes, winterkeninkjes en iisfûgels sjoen.

Sa'n 45.000 minsken dienen dit wykein mei oan de Nasjonale Fûgeltelling. De measten telden yn eigen tún.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)