Mosk mocht net ôfsketten wurde

29 nov 2005 - 07:56

De man dy't yn it FEC yn Ljouwert in mosk deasketten hat fanwege Domino Day is strafber. It Ministearje fan Natuerbehear skriuwt dat oan de Stifting Faunabescherming. Dy organisaasje woe witte oft de man út Lelystêd wol op de mosk sjitte mocht.

De jager sels seit dat hy in ûntheffing hat om yn gebouwen op fûgels te sjitten. Neffens it ministearje is dat net sa. De mosk waard ôfsketten nei't er 23.000 dominohoutsjes omsmiten hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)