Mos oernommen troch Smeding

06 des 2006 - 23:13

Griente- en fruitgruthannel Mos yn Sint Anne wurdt oernommen troch grientebedriuw Hessing-Smeding. Smeding sels sit ek yn Sint Anne. Mos levert under oare griente en fruit oan horeka yn Noard-Nederlân en de Waadeilannen. Dy tak sil Smeding oernimme. Hessing sil har yn it gebou fan Mos festigje en nimt de grientesnijerij fan Mos oer.

De oername hat gjin gefolgen foar it persoaniel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)