Mortuary IOD iepenet Wâldrock

30 mrt 2004 - 00:00

De Fryske band Mortuary IOD iepenet Wâldrock. De death-metalband spilet as earste op it festival dat 19 juny yn Burgum hâlden wurdt.

De band bestiet al hast 10 jier. Sûnt 1999 is de line-up net mear feroare. Arnout Visser, Germ Reitsma, Franke Kooistra, Douwe Talma en Johannes Keekstra foarmje de groep Mortuary IOD (en dat stiet foar Image of Death). Twa jier lyn brochten se har debút Distorted Massacre: fear the madness út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)