'Morgan wurdt mishannele'

11 okt 2011 - 14:20

De Orka Koälysje hat tiisdeitemoarn oanjefte dien tsjin it Dolfinarium yn Hurderwyk fanwege bistemishanneling. De koälysje seit dat it park it wolwêzen fan de orka Morgan yn gefaar bringt. Se sit no 15 moanne allinnich yn in te lytse tank. Morgan kin sa net swimme, jeie en boartsje.

In jier lyn waard orka Morgan út de Waadsee helle. Yn Hurderwyk waard it bist fersoarge. De koälysje wol dat de orka werom brocht wurdt yn de natuer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)