Morgan krijt advokaat

11 feb 2011 - 08:05

De orka Morgan, dy't de ôfrûne simmer yn minne kondysje út de Waadsee rêden waard, krijt in eigen advokaat. Dat meldt De Telegraaf. Neffens de krante wolle ferskate aksjegroepen mei de advokaat besykje Morgan har frijheid werom te jaan.

It bist sit op dit stuit yn it Dolfinarium yn Harderwijk. Dat hat yn desimber advisearre om har ek net wer frij te litten. De aksjegroepen fine dat dat wol moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)