Morgan bliuwt op Tenerife

13 des 2012 - 16:18
  • 11187

Orka Morgan dy't yn de Waadsee fûn is, bliuwt op Tenerife, dat hat de rjochtbank útmakke. In groep tsjinstanners fynt dat it bist weromset wurde moat yn de Noardsee, sadat it op syk gean kin nei syn famylje. De rjochter fynt lykwols dat it ministearje fan Ekonomyske Saken ferline simmer terjochte in fergunning jûn hat foar it oerbringen fan Morgan nei Tenerife. It bist sit dêr yn in attraksjepark. Neffens de rjochtbank soe Morgan net better ôf wêze as er weromset wurdt yn de Noardsee.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)