Mooglikheid fan iisferbod

21 jan 2013 - 16:21
  • Reedride op de Ryptjerksterpolder

De kosten fan in rêdingsoperaasje kinne net op reedriders ferhelle wurde. Wol moat de mooglikheid fan in provinsjaal iisferbod besjoen wurde. Dat seit kommandant Stabel fan 'e brânwacht Súdwest-Fryslân yn reaksje op útspraken fan foarsitter Oostenbrug fan it Frysk IIsbûn. Dy fynt dat minsken dy't harren op ûnfertroud iis weagje en dertroch sakje sels betelje moatte.

Stabel seit dat it ferheljen fan de rêdingskosten gjin opsje is, mar in provinsjaal iisferbod wol. Hy neamt de minsken dy't harren op dit stuit op it bûtenwetter weagje, dom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)