Mooglike tsjûgen moard Mearum

03 okt 2012 - 14:21

Twa minsken dy't mooglik de moardner fan Jan Elzinga sjoen ha, ha har melden. Elzinga is yn july moarns betiid by it swimbad yn Mearum deasketten. Hy wurke by in bedriuw yn Drachten. De plysje wie op syk nei in boufakker dy't mooglik de moardner sjoen hat doe't er fan auto wiksele. Ek wiene se op syk nei in frou dy't lâns it plak fytste dêr't de útbaarnde auto fûn is. Beide ha har melden. De resjerzje hat har ferklearring opnaam. Foar de moard sitte trije fertochten fêst. It ûndersyk is noch yn folle gong.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)