Mooglike trochstart foar Dokk'em Open Air yn 2017

03 nov 2015 - 17:52

Der is in goeie kâns dat it metalfestival Dokk'em Open Air yn 2017 dochs in ferfolch krijt. Dat seit Jort Visser, ien fan de inisjatyfnimmers. De organisaasje kundige earder oan dat de alfde edysje op 25 juny it lêste festival wêze soe. Fanwege de bou fan in nij AZC yn Dokkum moat nammentlik útwykt wurde nei in oare lokaasje, alwer de sechde lokaasje sûnt de oprjochting fan it festival yn 2002.

Ek liet in part fan de organisaasje, dy't út frijwilligers bestiet, witte dat it opsetten fan in festival fan dit kaliber har tefolle tiid kostet.

Sadwaande waard earder besletten om op 25 juny mei in grut finalefeest ôfskied fan it festival te nimmen. Dat giet in diel fan de organisaasje lykwols te fier. Sy ha besletten om it inisjatyf troch te setten. Sa't it no stiet sil dit dan ek wer plakfine op it terrein oan de Holwerterdyk, mar hjiroer wurdt ynkoarten mear dúdlikheid ferwachte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)