Mooglike trochstart foar Dörr

12 nov 2009 - 11:26
  • De kurator is noch yn petear mei mooglike oernamekandidaten foar Dörr

Mei in lytse twa wike moat dúdlik wêze wa't it jachtbetimmeringsbedriuw Dörr op De Lemmer oernimme kin. Dat seit kurator Brink fan It Hearrenfean. Dy is op dit stuit noch drok dwaande om te praten mei de oernamekandidaten.

De kommende dagen stean der noch seis petearen pland. De kurator wol dêr fierder neat oer kwyt, omdat de saak kwetsber is. Neffens him is der wol in ridlike kâns dat Dörr in trochtstart meitsje kin. Ferline wike waard it bedriuw fallyt ferklearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)