Mooglike grinskorreksje SWF

17 jan 2012 - 16:41
  • SWF

Der komme ynformaasjejûnen yn Arum, Penjum, Kimswert, Surch en Lollum om te hearren oft de ynwenners wol by Súdwest-Fryslân bliuwe wolle. Dy fraach is aktueel, no't de provinsje oanstjoerd op weryndieling yn Noardwest-Fryslân. De doarpen yn it noarden fan Súdwest-Fryslân binne bot op Harns en Frjentsjer oriëntearre.

Foar 1 april moat de gemeente by de provinsje oanjaan hoe't der oer in grinskorreksje tocht wurdt. Foar boargemaster Hayo Apotheker is in korreksje besprekber.

De earste ynformaasjejûn oer in mooglike grinskorreksje is op 23 jannewaris yn de Grutte tsjerke yn Arum. Dêrnei folgje Penjum, Kimswert, Surch en de lêste is op 7 febrewaris yn de Nije Haven yn Lollum. By dy lêste gearkomste meie ek de bewenners fan Waaksens har miening jaan, omdat Lollum en Waaksens in soad mei-inoar dogge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)