Mooglike fúzje GCO mei Grins

10 mrt 2004 - 00:00

Underwiisbegeliedingstjinst GCO hat plannen foar in fúzje mei de ûnderwiisbegelieding yn Grinslân. Dan ûntstiet der in organisaasje mei 250 meiwurkers en in wurkgebiet fan 60 gemeenten. By de nije klub binne 800 skoallen oansletten mei 100.000 bern.

Beide organisaasjes ha al in ûndersyk nei de helberheid dwaan litten. De risseltaten wurde bekend makke oan de bestjoeren en it personiel. Nei de simmerfakânsje wurdt in beslút nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)