Mooglike fúzje Frisian Shipyard

10 feb 2001 - 16:01

Frisian Shipyard Welgelegen yn Harns fusearret mooglik mei skipshelling De Volharding yn it Grinzer Foxhol. De oandielhâlders ha freed besletten mei de ûnderhannelings te begjinnen.

Mei de fúzje ûntstiet in sterke noardlike skipsboukombinaasje. Undúdlik is oft de fúzje gefolgen hat foar de wurkgelegenheid. De fakbûnen ha reedlik posityf op de plannen reagearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)