Mooglike brânstichter pakt

10 aug 2010 - 14:03

De plysje hat in 25-jierrige Drachtster oanholden op fertinking fan de brânstichtingen moandeitenacht yn Drachten. De man wennet yn de wyk De Trisken en is oanholden nei ferklearringen fan tsjûgen. Yn Drachten waard op 25 plakken yn de De Trisken en De Drait konifearehagen en konteners yn brân stutsen.

De fertinkingen tsjin de man, dy't no oanhâlden is, binne sa sterk dat hy foarearst fêstsitten bliuwt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)