Mooglik wrâldrestaurant foar 500 minsken yn Snits

17 sep 2015 - 19:52
  • In tekening fan it nije restaurant
  • It gebou dêr't it restaurant ynkomme moat

Snits krijt mooglik in restaurant foar 500 minsken op it plak fan de eardere Renault-garaazje oan de Lorentzstrjitte. It giet om in saneamd wrâldrestaurant dêr't iten út ferskillende lannen lykas Sina, Japan, Súd-Amearika en Frankryk te krijen is. It kolleezje fan b. en w. leit it plan de kommende tiid foar oan de ried.

De besteande hoareka yn de binnenstêd fan Snits is tsjin de plannen, sy wolle krekt dat de hoareka yn de binnenstêd fersterke wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)