Mooglik VUT-regeling De Skâns

10 jun 2006 - 12:57

Meiwurkers fan multyfunksjoneel sintrum De Skâns op De Gordyk kinne mooglik mei help fan de gemeente Opsterlân yn de VUT. It giet om personiel dat oant 1988 yn gemeentlike tsjinst wie.

Yn dat jier waard de Skâns privatisearre. Mar it regeljen fan goede pinsjoenfoarsjennings bleau der by, wylst de gemeente wol tasein hie dat dat barre soe. B&W wolle dy misser no goedmeitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)