Mooglik ûntslach stedswachten

25 apr 2003 - 00:00

De fiifentachtich Fryske stedswachten krije mooglik ûntslach. Dat komt om't de tsien miljoen euro dy't it regear tasein hat foar stedswachten, der noch altiten net is.

De stifting Stedswacht Fryslân komt troch it weibliuwen fan it jild yn de problemen. De kâns is grut dat de stedswacht tusken no en in pear wike fallyt giet. Ek stedswachten yn oare provinjes komme mooglik yn de problemen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)