Mooglik ûnder ynfloed fan drugs achter it stjoer

26 mrt 2015 - 10:40

In 39-jierrige man út Akkrum is woansdeitemiddei op de A32 oan de kant setten om't er mooglik ûnder ynfloed fan drugs achter it stjoer siet. Neffens tsjûgen hie de Akkrumer beide rydbanen nedich om te autoriden. Ien fan de melders is achter de man oanriden oant de plysje derby kaam. Dy hat de man by Nijensleek yn Drinte arresteard. Syn rydbewiis is ynnaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)