Mooglik twatalich ûnderwiis

26 mrt 2003 - 00:00

De direksjes fan de skoallen foar fuortset ûnderwiis sille prate oer in twatalich programma, wêrby't it ûnderwiis yn bygelyks Nederlânsk en Ingelsk jûn wurdt. Yn Fryslân binne noch gjin middelbere skoallen mei in twatalich programma.

It Frysk wurdt al stimulearre op basis fan in bestjoersôfspraak mei it Ryk. Foar Ingelsk en Dútsk is dy mooglikheid der net. 10 prosint fan de Nederlânske skoallen hat in twatalich programma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)