Mooglik twa pleatsen ûntromme

05 jan 2012 - 09:23

It wetterskip besjocht oft twa pleatsen yn de polder De Putten tusken de Burgumermar en De Leijen ûntromme wurde moatte. It wetter stiet dêr sa heech dat it oer in gruttere lingte oer de kade spielt. Ynspekteurs fan it wetterskip binne dwaande op de kade te besjen hoe slim de situaasje is. It wetter dêr liket wol te sakjen.

Op mear plakken yn Noardeast Fryslân binne knipepunten, dêr't it wetter oer de kade komt. Woansdei waard al in needkade makke by Sumar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)