Mooglik trochstart Vaartjes

01 aug 2011 - 10:50

Foechbedriuw Vaartjes út Bantegea makket kâns op in trochstart. Dat seit kurator Van Dijen. Ferline wike tiisdei waard it bedriuw mei 18 man personiel fallyt ferklearre. It bedriuw koe net langer oan syn ferplichtings foldwaan troch de minne tiden yn de bou. Dêrtroch moast it bedriuw it ôfrûne healjier eins altyd ûnder de kostpriis wurkje.

De direksje seach gjin ferbetteringen yn de takomst, mar neffens de kurator is der no dochs in partij mei ynteresse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)