Mooglik trochstart Nederhoed

04 des 2007 - 16:14

De kâns is grut dat der in trochstart komt foar Nederhoed Staalbouw op It Hearrenfean. Der hawwe harren seker trije gadingmakkers oanmeld foar de oername, sa meldt fakbûn CNV. It stielferwurkingsbedriuw waard ferline wike fallyt ferklearre. Der wurde stielen konstrukjes makke foar stadions en gebouwen.

Ien fan 'e oernamekandidaten is de eardere eigner. Dêr wolle de 39 meiwurkers net mei fierder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)