Mooglik trochstart Nagelhout

31 aug 2007 - 16:58

Fakbûnen en personiel tinke dat Nagelhout Staalbouw in trochstart meitsje kin. De kurator is dêr hoedener yn, mar slút in trochstart net út. It bedriuw is fallyt.

Ald-eigner Jan Nagelhout ferkocht it bedriuw yn 2005 en besiket in trochstart foar elkoar te krijen. It personiel kin net fuortdalik oernaam wurde om't it yn in aparte BV sit en dy is net fallyt ferklearre. Dêr stjoerd de kurator wol op oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)