Mooglik trochstart foar Postma

30 mrt 2007 - 10:20

Alve mitselbedriuwen fan Postma út Noardburgum binne fan de wike fallyt gien. Foar de 150 mitselders dy't dien krije, moat by in eventuele trochstart dúdlike ôfspraken makke wurde. Dat seit Hendrik Mulder fan it fakbûn FNV.

By de bedriuwen wurken foaral Fryske mitselders. Neffens de kurator wol Postma mei in trochstart wer fierder gean. De FNV is dêr posityf oer, mar hâldt by in trochstart de saak ekstra goed yn de gaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)