Mooglik trochbraak ynbraaksaak

19 feb 2013 - 11:09
  • Ynbraak

Der liket in trochbraak te wêzen yn it ûndersyk nei it grutte tal ynbraken yn de omjouwing fan Harns en Frjentsjer. De plysje sels sprekt fan in goed begjin fan it ûndersyk neidat der moandei twa manlju fan 21- en 24 jier oanhâlden waarden yn Harns. De mannen wurde fertocht fan ynbraken út 2011, 2012 en dit jier. Om hoefolle saken it krekt giet is noch net dúdlik.

De mannen moatte noch heard wurde, mar de plysje ferwachtet noch mear oanhâldings te dwaan. 

De manlju binne op basis fan resjerzje-ûndersyk oanhâlden en der binne ûnder oare kompjûters, tillefoans en aginda's yn beslach naam foar fierder ûndersyk. Oft der ek stellen guod fûn is, is net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)