Mooglik tongblier yn Grinslân

13 mrt 2001 - 00:00

By it slachthûs yn Winschoten is mooglik sprake fan in gefal fan tongblier. It giet om bargen dy't yntusken ûndersocht wurde troch de Rykstsjinst foar fleis en fee. Ut it ûndersyk moat bliken dwaan oft it om tongblier giet. De útslach wurdt oer 3 dagen ferwachte.

It bedriuw is hermetysk ôfsletten. De NLTO is skrokken mar seit dat de lêste tiid wol faker bisten ûndersocht wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)