Mooglik superbus yn Fryslân

01 des 2005 - 13:19

De kâns dat der oer in pear jier in superbus mei 250 kilometer yn de oere troch Fryslân rydt, is flink tanommen. Minister Peijs fan Ferkear wol de superbus fan de Technyske Universiteit Delft as alternatyf meinimme yn it ûndersyk nei it Suderseespoar.

De bus foldocht oan de easken dy't steld wurde oan ferfier op it trajekt. Oare alternativen binne in yntercity, in hegesnelheidsline en in magneetsweefbaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)