Mooglik stipe doarpshûs Marsum

18 maaie 2003 - 00:00

Marsum krijt nei alle gedachten 20.000 euro foar de renovaasje fan it doarpshûs. Dat is in foarstel fan Boargemaster en Wethâlders.

It bestjoer fan it doarpshûs hie om stipe frege om't it doarpshûs nedich opknapt wurde moat. Der moat in flier komme dy't focht tsjinhâldt en it toaniel moat opknapt wurde. Mei elkoar kostet dat 71.000 euro. De ried fan Menameradiel moat noch mei it plan akkoart gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)