Mooglik staking NoordNed

07 des 2005 - 21:56

Wurknimmers fan ferfiersbedriuw NoordNed sille mooglik stake. It giet om treinpersoniel út Grinslân. Dizze minsken falle no noch ûnder de CAO fan har eardere wurkjouwer de Nederlandse Spoorwegen. NoordNed's memmebedriuw Arriva fynt no dat de groep ûnder har eigen CAO folle moat. It treinpersoaniel giet der dan op efterút, sa stelt it fakbûn De Unie.

At der oer in wike gjin oerienstimming is mei Arriva, folgje der aksjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)