Mooglik skatebaan by swimbad

14 jan 2006 - 14:04

Der liket in aardige kâns te wêzen dat der in skatebaan oanlein wurdt op it terrein fan it swimbad De Wettervlecke yn Surhústerfean. Wethâlder Veenstra en it swimbadbestjoer ha dêr koartlyn oer praat en lykje it wol iens te wurden.

Der moatte noch wol wat problemen op technysk flak oplost wurde. It swimbadterrein is de safolste opsje om yn Surhústerfean in skatebaan fan de grûn te krijen. Eardere inisjativen sneuvelen hieltyd troch beswieren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)