Mooglik rjochtsaak oer LED's

30 mrt 2009 - 16:43
  • Strideraasje oer LED-lampen

LED-lampeprodusint Tiparo stapt mooglik nei de rjochter. It bedriuw leveret lampen foar de provinsjale kampanje Ik stap oer. In oare LED-produsint, LedNed, hat sein dat de lampen fan Tiparo mear enerzjy brûke as op it doaske stiet. Boppedat soene se foar skea soargje kinne oan apparaten en oan it enerzjynetwurk as elk oerstapt op dat type lampen.

Frou Timmermans fan Tiparo ûntstriidt de negative berjochten. Neffens har sit konkurrint LedNed derachter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)