Mooglik Rembrandt foar Elske

05 feb 2012 - 10:10

Sjongeres Elske DeWall makket dit jier kâns op it winnen fan ien fan de Rembrandts. Dat binne filmprizen dy't troch it publyk takend wurde. It nûmer 'Chasing the Impossible' dat Elske skreau foar de film 'Alle tijd' is ien fan de sân nominearden yn de kategory 'Beste film hit song'.

Troch te stimmen fia de webside fan de filmprizen wurdt bepaald wa fan de sân de Rembrandt wint. Oare nominearden binne ûnder oare Lange Frans, Alain Clark en Corry Konings. De Rembrandts wurde sûnt 1993 útrikt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)