Mooglik popbunker foar Jobbegea

07 apr 2006 - 10:04

Pleatslik belang Jobbegea Hoarnstersweach wol ynvestearje yn in popbunker. Undernimmers en pleatslik belang hawwe dêr 12.500 euro foar oer.

Jierrenlang hat Jobbegea in rike band kultuer hân. Neidat de oefenromte yn jeugdhonk de Stoater ticht moast,yn ferbân mei lûdsoerlêst, holden in soad bands der mei op. Pleatslik belang hopet dat dy kultuer wer werom komt at der wer in oefenromte is. De gemeente Hearrenfean is posityf oer de plannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)