Mooglik polyklinyk op De Lemmer

27 sep 2003 - 00:00

De Lemmer kriget mooglik in dependânse fan it Snitser Antoniussikehûs. Op it stuit wurkje ferskate soarchynstellingen yn de Súdwesthoeke gear mei it sikehûs om plannen te ûntwikkeljen foar bygelyks kardiology, gynekology en onkology.

Foar de dependânse is al plak fûn. De polyklinyk kin ûnderdak fine yn it eardere arbeidsburo oan de Wiepke Hofstrjitte. Yn dat gebou komt ek it kantoar fan de thússoarch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)